Winst Stroetinga en Sterk

27 des 2008 - 21:58

Arjan Stroetinga fan Waskemar waard sneontejûn troch de diskwalifikaasje fan Sjoerd Huisman de winner fan de njoggende wedstriid om de Essent Cup. Yn Assen einige Karlo Timmerman as twadde, Cedric Michaud waard tredde. Bob de Vries fan De Haule waard fiifde en hâldt de lieding yn it klassemint.

Maria Sterk fan Hallum wie de rapste by de froulju. Mariska Huisman waard twadde, Andrea Sikkema tredde. Maria Sterk bliuwt de liedster yn it gouden pak, fjouwer punten foar Huisman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)