Sven Kramer wint 5 kilometer

Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer hat op it Nederlânsk kampioenskip allround op Thialf de 5000 meter wûn. Hy kaam oer de streek yn in tiid fan 6.16,77 en dat wie sân sekonden rapper as de nûmer twa, Wouter Olde Heuvel út Losser.
Tredde waard Bob de Jong út Leimuiden. Kramer hat no de lieding yn it algemien klassemint, Wouter Olde Heuvel stiet twad en Erben Wennemars stiet op it tredde plak.