Top 100: 61.145 stimmen

27 des 2008 - 17:08
  • It Cohen-projekt is populêr

Der binne de ôfrûne wiken 61.145 stimmen útbrocht foar de Fryske Top 100 fan 2008. De rom 61.000 stimmen is in rekord foar de Fryske Top 100. It is goed 4.000 stimmen mear as ferline jier en mear as twa kear safolle as by de Fryske Top 100 fan 2006.

De top 10 wurdt op Aldjiersdei nei bûten brocht. Dúdlik is wol dat der in soad nije platen yn de list stean fan ûnder oare Jelte Posthumus, Strawelte en de muzikanten dy't meidien hawwe oan it Fryske Cohen-projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)