Van Lunzen wint Aldjiersrin

© Omrop Fryslân
Remon van Lunzen hat sneon, krekt as ferline jier, de Aldjiersrin yn Marrum wûn. De Ljouwerter solearre nei in tiid fan 1.11,55. Jan Venhuizen út Smilde waard twadde op 2 minuten en 24 tellen fan de winner.
Tredde waard Hilbert de Vries fan Ljouwert. By de froulju wie Bertha Bruggenkamp út Smilde de rapste yn in tiid fan 1.27,02. Alette Wedzinga fan Drachten kaam by de froulju as twadde oer de einstreek.