Kop-sturt botsing op A7

27 des 2008 - 14:53

By in kop-sturt botsing by it knooppunt De Jouwer op de A7 binne freed trije minsken ferwûne rekke. In man (80) út Apeldoorn seach te let dat der in file stie en botste op de auto fan in man (36) út Harns.

De Harnzer en syn passazjier, in frou (35) út itselde plak, binne mei nekkeklachten nei it sikehûs brocht. Ek de man út Apeldoorn is nei it sikehûs brocht. De beide auto's rekken swier skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)