Mishanneling yn Harns

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige man út Harns is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke yn syn wenplak. By in petear mei twa manlju yn in hoarekagelegenheid krige it slachtoffer in kopstjit en hy krige ek in glês yn it gesicht.
De man is foar behanneling nei it sikehûs brocht. Ien fan de fertochten, in 30-jierrige man út Mullum is oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. De oare fertochte is net fûn.