Sven Kramer tred op 500 meter

27 des 2008 - 13:42

Sven Kramer fan It Hearrenfean is by it Nederlânsk kampioenskip allround op Thialf tredde wurden op de 500 meter. Kramer klokte in tiid fan 36.73. Erben Wennemars út Swolle wûn de 500 meter yn in tiid fan 35.82.

Rhian Ket út Grins waard twadde yn 36.65. Berden de Vries waard fjirde yn 36.92 en Jan Blokhuijsen kaam op in fyfde plak yn in tiid fan 36.93. Letter op de dei ride de manlju noch de fiif kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)