Marrit Leenstra twad op 500 m.

27 des 2008 - 13:15

Op it Nederlânsk kampioenskip allround yn Thialf op It Hearrenfean hat Marrit Leenstra fan Wikel in prima tiid delsetten op de 500 meter. Sy waard twadde yn in tiid fan 40.07.

Ireen Wüst út Goirle wûn de 500 meter yn 40.05. Jorien Voorhuis út Hengelo pakte mei in tiid fan 40.35 it brûns op de iepeningsôfstân fan it Nederlânsk kampioenskip. Elma de Vries waard fjirde yn 40.41, Wieteke Cramer sânde yn 40.83.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)