Ride op Ryptsjerksterpolder

27 des 2008 - 13:12
  • Ride op natueriis

Fiif manlju ha sneontemoarn riden op it iis fan de Ryptsjerksterpolder. Trije fan har binne echte 'die-hards' en ride alle jierren as earste op de polder. It iis hâldt noch net oeral. Der binne noch wol wat wekken en it iis kreaket bot.

De riders koene net tagelyk op itselde stik iis en rieden eins allinnich by de kanten del. Om it middeisoere hinne wiene se noch oan it riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)