Koartebaan yn Aldtsjerk

27 des 2008 - 12:56

De earste koartebaanwedstriid op natueriis yn Fryslân sil holden wurde yn Aldtsjerk. It bestjoer fan de iisklub Aldtsjerk hat besletten om kommende moandei in wedstriid foar manlju te hâlden, middeis om 13.00 oere.

Dêrmei binne se in dei earder as de iisklub fan Haulerwyk, dy't in wedstriid útskreaun hat foar tiisdei. De earste koartebaanwedstriid foar froulju it útskreaun yn Nijlemmer. Dy sil tiisdeitemiddei holden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)