Strjitkeatsen binnendoar

© Omrop Fryslân
Yn it WTC Expo yn Ljouwert waard sneon foar de earste kear binnendoar in strjitkeatstoernoai holden. Dizze fariant op it tradysjonele keatsen wurdt spile mei in sêfte bal en oanpaste spulregels.
Der diene 42 partoeren mei oan de wedstryd. Der waard yn twa klassen keatst troch haadklasse en âld-haadklasse spilers, werûnder Chris Wassenaar en Arie den Breejen. Ek froulju's partoeren en rekreaasjespilers diene mei.