Gjin drokte opfang dakleazen

© Omrop Fryslân
Der is freedtenacht hast gjin gebrûk makke fan de ekstra opfangplakken dy't der wiene foar dakleazen. Opfangorganisaasje Zienn hie yn Ljouwert en Snits meiïnoar fyftjin ekstra bêden klear stean. Dit yn ferbân mei de lege temperatueren.
Neffens direkteur Van Anken fan Zienn is it oer it gehiel net sa drok yn de opfang. Sels de reguliere plakken binne net allegear beset. Mooglik hawwe guon dakleazen mei de krystdagen ek plak fûn by famylje of freonen.