Bêste oaljekoeken fan Fryslân

27 des 2008 - 10:10

De bêste oaljekoeken fan Fryslân wurde bakt by gebakkream Guhnen en echte bakker Vliegendehond yn Wolvegea. Dat stiet yn de oaljekoeketest fan it Algemeen Dagblad. De krante docht elts jier ûndersyk nei de kwaliteit en de smaak fan oaljekoeken

De kream op It Hearrenfean krijt in 8,5; de bakker yn Wolvegea krijt it einsifer 8. Gebakkream Koopal op it museumplein yn Drachten skoart hiel min yn de test fan it AD, mei it einsifer 4 foar de oaljekoeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)