Jonge ferwûne by fjochtpartij

26 des 2008 - 13:04

In jonge fan 18 is tongersdeitenacht ferwûne rekke by in fjochtpartij yn Kollum. De jonge makke diel út fan in groep, dy't op de Foarstrjitte rûzje krigen hie mei in oare groep jongeren. De plysje hat op oanwizings fan tsjûgen noch op syk west nei de dieders, mar hat dy net fûn.

De jonge is oerbrocht nei it sikehus yn Grins. Oer de oanlieding fan de fjochtpartij is neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)