Beatrix:âlderein net ôfskriuwe

25 des 2008 - 13:21

Keninginne Beatrix frege yn har krysttaspraak omtinken foar de posysje fan 'e âlderein. Ald wêze wurdt neffens de Keninginne tefolle as probleem sjoen, wylst it ek in boarne fan libbensûnderfining en wiisheid is.

Neffens de Keninginne steane de ferhâldings tusken de generaasjes ûnder druk, no't der hieltiid mear âlderen komme. Solidariteit mei minsken dy't harsels net rêde kinne leit in swiere lest op de skouders fan 'e jongerein, sa sei Beatrix.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)