Tinte foar âldjier yn Marrum

De oankundiging fan it tintefeest
In groep minsken út Marrum komt yn aksje om it doarp posityf yn it deiljocht te setten mei âld en nij. Al in pear jier soarget de jongerein foar oerlêst mei de jierwiksel.
Ferline jier besocht in groep in knoop yn in wetterslang fan de brânwacht te lizzen. Yn oerlis mei plysje en de gemeente wolle de Marrumers de jeugd dit jier temjitte komme troch in tinte yn it doarp del te setten. Dy tinte komt op in stik greide dy't in boer mei âld en nij beskikber stelt.