Krystkealtsje berne yn park

25 des 2008 - 12:41

Yn it Boargemaster Rasterhoffpark yn Snits is dizze wike in krystkealtsje berne. Ien fan de Schotse Hooglanders hat in jong krigen. It giet om in neikommerke. De oare kij krigen fan 't maitiid al in kealtsje.

It giet goed mei de mem en it keal. Wol binne se oerbrocht nei in stâl yn Ravenswâld, omdat it kealtsje noch net selsstannich drinke kin. Nei de winter wurde beide wer nei it park werombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)