Friezinne makket Nepalkalinder

Fotografe Lucy Lambriex fan Lytsewierrum hat in kalinder makke mei foto's út Nepal. De opbringst fan 'e kalinder giet nei de op te rjochtsjen pleats fan it Children Welfare Home yn Pokhara. It doel fan 'e buorkerij is om it bernetehûs minder ôfhinklik te meitsjen fan donoaren. It tehûs jout bern út earme famyljes de kâns om nei skoalle te gean.
Lambriex hat de bern fan it Welfare Home ynterviewe oer harren dreamen en ek portretten fan harren makke.