TVM-riders binne ien dei frij

© Omrop Fryslân
De allround-reedriders hawwe dit jier mar in bytsje frij mei de Krystdagen. It kommende wykein is it Nederlânsk Kampioenskip op It Hearrenfean en dêr moatte de riders en rydsters harren goed op tariede.
Gerard Kemkers fan de TVM-ploech hat syn riders ien dei frij jûn. De riders meie op Earste Krystdei nei hûs, mar moatte harren op syn lêst freedtemoarn wer melde op It Hearrenfean. Kemkers ferwachtet lykwols dat de measten harren tongersdeitejûn al wer melde.