Lopes oan Dordrecht ferhierd

25 des 2008 - 11:46

SC Hearrenfean ferhiert Cecilio Lopes foar de rest fan it seizoen oan FC Dordrecht. Hearrenfean hat dit sels op de website bekend makke. Lopes waard earder oan FC Volendam ferhierd, mar trainer Frans Adelaar sette him yn oktober út de seleksje.

Lopes spile fan 2005 oant 2007 ek al foar FC Dordrecht. Hy wie dêr doe wakker populêr. Lopes makke yn dy perioade 35 goals foar de klub.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)