Stille Nachtmaraton ôfsletten

© Omrop Fryslân
Sa'n 150 minsken wiene woansdei by de lêste útfiering fan Stille Nacht fan Radio Gasterlân. Yn in maratonútstjoering fan in wike waarden tûzenen ferskate útfierings fan Stille Nacht útstjoerd. Om de 168 oere radio fol te krijen wiene allerhande frijwilligers frege om in oere radio te meitsjen.
Om fiif foar seizen jûns waard bûten de studio de lêste útfiering fan it ferske songen troch elkenien dy't meidwaan woe.