Maria Sterk 3e yn Biddinghuzen

© Omrop Fryslân
Maria Sterk fan Hallum is woansdei tredde wurden yn de twadde Super Prestiizje wedstriid oer 40 kilometer yn Biddinghuzen. De winst wie foar Daniëlle Bekkering fan Den Ham. Mariska Huisman fan Andijk waard twadde, Margo van de Merwe fan Wolvegea fjirde.
By de manlju wie Arjan Smit fan Nijeveen nei 76 kilometer de rapste fan in trettjin man sterke kopgroep. Jan van Loon fan De Haule wie mei in fjirde plak de bêste Fries.