Grutte fraach nei redens

24 des 2008 - 16:08
  • Der is grutte fraach nei nije redens
  • Dizze healsliten redens waarden woansdei fia ynternet ferkocht

Der is in soad fraach nei nije of healsliten redens. De sportwinkels hawwe it der smoardrok mei en kinne nei in protte sloppe jierren wer goeie saken dwaan.

Ek de Fryske iisklubs litte neat oan it tafal oer. Se meitsje harren klear foar de froast, al is der yn it wetter noch neat fan iis te sjen. Der wurdt rekken hâlden mei stevige froast de kommende nachten, genôch om letter dizze krystfakânsje de iisbanen iepenje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)