Omrin sil keunststof skiede

24 des 2008 - 14:30

Offalferwurker Omrin sil foar 39 gemeenten keunststof ferpakkings ynsammelje. Dêrta is mei ûnder oare 30 Fryske gemeenten in kontrakt sletten, allinnich Smellingerlân docht net mei.

It keunststof wurdt yn de skiedingsynstallaasje yn Aldehaske ferwurke. Partikulieren hoege de keunststof ferpakkings net apart oan te leverjen, it skieden wurdt troch Omrin dien. Itselde bart mei blik. Dat wurdt mei magneten út it restôffal helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)