Reunykonsert Kast yn tsjerkje

Healwei de jierren '90 wie De Kast ien fan 'e grutste bands fan Nederlân. De Fryske artysten waarden op 'e foet folge troch fans en media. Om ûnbehindere oan har nije album wurkje te kinnen sochten de mannen in rêstich plakje en dat waard Sibrandahûs.
As tsjinprestaasje sei de band ta om nochris werom te kommen foar in optreden. Mar de Kast hie doe in folle aginda. It kaam der net fan. De âlde tasizzing waard tiisdei neikommen en 120 fans makken it mei.