Romein erkend as kearnpoadium

24 des 2008 - 14:20

Poppoadium Romein krijt de lanlike status fan 'kernpoadium'. De status is in erkenning fan de popseal. It betsjut dat Romein no ek subsydzje krije kin foar it organisearjen fan konserten. Mei de erkenning komt in ein oan de situaasje dat Ljouwert de iennichste provinsjale haadstêd wie sûnder in seal mei in kearnpoadium.

De ryksregeling dêr't Romein no ûnder falt moat der foar soargje dat in strukturele bydrage levere wurdt oan de ûntwikkeling fan 'e popmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)