Goedkeaper gft yn Hearrenfean

24 des 2008 - 12:26

De tariven foar it ynsammeljen fan griente-, fruit- en túnôffal op It Hearrenfean geane omleech. De gemeente wol sa it skieden ynsammeljen stimulearje.

It docht bliken dat der noch in protte gft-ôffal yn de grize kontener ferdwynt. Dochs is de gemeente tefreden oer de miljeuprestaasjes fan de ynwenners. Sa'n 60 persint fan alle ôffal wurdt thús skieden. Yn trochsneed is dat by fergelykbere gemeenten 53 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)