Groei Alde Fryske Tsjerken

De tsjerke fan Bears, ien fan 'e tsjerken fan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken
De Stifting Alde Fryske Tsjerken krijt der de kommende jierren mooglik tsientallen tsjerken by. Der binne nammentlik hieltiten mear pleatslike tsjerken dy't it ûnderhâld fan 'e tsjerke net mear opbringe kinne.
Dat docht bliken út de enkête fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De respons op dat ûndersyk is grut: 530 fan de 750 Fryske tsjerke-eigners ha de enkête al weromstjoerd. De Stifting Alde Fryske Tsjerken sit al tsjin de grins fan har mooglikheden.