Interzorg sertifisearre

© Omrop Fryslân
It wensoarchsintrum Foswert en Thússoarch Interzorg hawwe in saneamd HKZ-sertifikaat krigen. It sertifikaat, dat troch in ûnôfhinkelik buro ôfjûn wurdt, jout oan dat de soarchynstelling oan bepaalde kwaliteitseasken foldocht.
Earder dit jier krigen beide ûnderdielen fan Interzorg al in hege wurdearring fan har kliïnten. It sertifikaat is in offisjele befestiging fan dy wurdearring. It is trije jier jildich.