Tefolle drank skinke

© Omrop Fryslân
De VVD yn Ljouwert wol witte of der yn de Ljouwerter hoareka ek alkohol skonken wurdt oan minsken dy 't eins gjin drank mear ferneare kinne omdat se al hiel fier hinne binne. Ut in ûndersyk yn in oar part fan Nederlân die bliken dat soks in hiel soad bart, wylst it ferbean is. De VVD yn Ljouwert freget no it kolleezje fan boargemaster en wethâlders hoe 't dat liket yn de Fryske haadstêd.
Ek wolle se witte wat it kolleezje dwaan giet, at it hjir al mis is.