Mobile ME-brigades mei âldjier

23 des 2008 - 16:08

Spesjale fleanende brigades fan de ME sille yn de âldjiersnacht yn Fryslân optrede. De ME-ers komme benammen yn aksje as helpferlieners of minsken fan de brânwacht behindere wurde by harren wurk.

It Iepenbier Ministearje makke tiisdei bekend dat foar dizze oertredings noch strangere straffen easke wurde as earst de bedoeling wie. Fjouwer buskes sille troch de provinsje ride. De 24 ME'ers brûke mei opsetsin net harren eigen, bekende blauwe bussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)