Kryststâl St. Nyk wer folslein

De kryststâl fan Sint Nyk mei de swarte kening
De kryststâl yn 'e rooms-katolike tsjerke fan Sint Nyk is foar it earst sûnt fyftjin jier wer folslein. De lêste jierren stiene der mar twa keningen, omdat de swarte kening yn 1993 stellen waard út de tún fan Doniahiem.
Pastoar Henk Nota hat in soad muoite dien om in nije swarte kening te finen en dit jier is dat mei help fan in Grinzer hanneler lang om let slagge.