Kramersbrêge no 3 meter heech

23 des 2008 - 15:15

De ferheging fan 'e Kramersbrêge oer de Koudumer Feart nei trije meter is dien. Dat meldt de provinsje Fryslân. Hjirmei ûntstiet der in rûte fan de Moarre nei de Fluezen.

Yn it ramt fan it Frysk Marreprojekt wurde der fjouwer brêgen ferhege yn Nijefurd. Dêrtroch kinne skippen fan hast trije meter heech in rûntsje om Koudum farre. Deselde skippen kinne no ek sûnder problemen fan de Moarre nei Hylpen farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)