Jorritsma giet nei Tytsjerk

23 des 2008 - 12:37

Kommissaris fan ´e Keninginne John_Jorritsma hat in pleats kocht by Tytsjerk. Dat hat syn makelder Popma Barteld_Boerma bekend makke. It giet om in wenbuorkerij oan de Simmerwei, krekt bûten it doarp.

Jorritsma hat foar de pleats by Tytsjerk keazen omdat hy graach ticht by Ljouwert wenje wol. Mar de kommissaris hâldt ek fan romte en privacy. De oerdracht fynt plak yn febrewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)