Miedema Hout ´topleveransier´

© Omrop Fryslân
It bedriuw Miedema_Hout yn Ljouwert is útroppen ta Topleveransier 2008. Dat waard dien troch de lêzers fan it fakblêd Houtwereld. Miedema wûn yn de kategory Houtindustrie.
Neffens de lêzers leveret it bedriuw ûnder oare goeie produkten, komt it syn ôfspraken nei en ûnderhâldt it goeie kontakten mei de klanten. Mei-inoar waarden seis bedriuwen útroppen ta topleveransier. Miedema fiert dit jier syn 90-jierrich bestean.