Stille nacht sjonge yn Balk

23 des 2008 - 07:00

Foar de studio fan Radio Gasterlân yn Balk wurdt woansdei in meisjongspektakel hâlden. It giet om de ôfsluting fan de radiomaraton dy't de lokale omrop hold. Sân dagen lang waarden 24 oeren deis ferzjes fan it krystferske 'Stille Nacht, Heilige Nacht' draaid.

It doel is dat it ferske by de ôfsluting troch safolle mooglik minsken meisong wurdt. In tal koaren út Balk en omjouwing hat syn meiwurking tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)