Merk Goederenbank mislearret

22 des 2008 - 16:28

De krystmerk fan 'e Goederenbank Ljouwert luts moandei mar tsien minsken. En dat wylst de frijwilligers fan de Goederenbank twa wike hiel hurd wurke hawwe om spul foar de krystmerk yn te sammeljen.

In pear wike lyn waard ynbrutsen yn de loads fan de Goederenbank en doe waard foar tûzenen euro's oan guod stellen en fernield. Mei help fan in soad partikulieren en de finzenis yn Swolle kaam der wer nij krystspul foar de krystmerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)