Hotels fol mei de Kryst

© Omrop Fryslân
Foar de kryst sitte alle hotels en rekreaasjeparken yn Fryslân sa goed as fol. Wol binne de reservearrings faak op it lêste momint dien. Yn de rest fan it lân rinne de oernachtings werom, mar Fryslân bliuwt stabyl. Wol giet it tal boekings foar it earst yn jierren net omheech. Ien en oar komt neffens Friesland Marketing troch alle minne berjochten oer de kredytkrisis.
In protte ûndernimmers binne sunich op harren sinten en advertearje dêrom minder.