PSV-Hearrenfean dei earder

© Omrop Fryslân
Fuotbalbûn KNVB hat twa wedstriden yn de earedivyzje omwiksele. De wedstriid tusken lânskampioen PSV en SC_Hearrenfean ferhuzet no fan sneon 28 febrewaris nei freed 27 febrewaris.
AZ-FC Grins ferskoot fan freed 27 nei sneon 28 febrewaris. De reden fan de ferpleatsing is dat ek PSV neffens it televyzjekontrakt ferplichte is om op syn minst ien kear op freedtejûn in thúswedstriid yn ´e earedivyzje te fuotbaljen.