LTO: ynkommen boeren te leech

22 des 2008 - 15:51

Fan 'e winkelpriis foar griente, suvelprodukten en fleis moat in grutter part nei de boeren. Dat seit LTO-foarsitter Albert Jan Maat. Neffens it Lânbou Ekonomysk Ynstitút (LEI) is it ynkommen fan de trochsneed boer yn 2008 mei sa'n 40 persint sakke.

Maat wol dat boeren tenei in ridlik part fan 'e opbringst krije. Benammen foar de glêstúnbou is dat hurd nedich, want foar harren wie 2008 it minste jier fan dizze ieu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)