Iensidich ûngelok op Wâldwei

22 des 2008 - 11:41

By in iensidich ûngelok op de Wâldwei by Nijegea is moandeitemoarn in automobilist (28) út Ljouwert licht ferwûne rekke. De man wie mei de linkertsjillen yn de berm rekke en dêrnei nei in stjoerkorreksje oan de rjochterkant fan de Wâldwei yn 'e boskjes bedarre.

Hjirby ried de man in ferkearsboerd om. Syn auto rekke folslein fernield. De man waard oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten foar ûndersyk, mar hoechde dêr net te bliuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)