Plysje nimt rydbewizen yn

22 des 2008 - 10:32

De plysje hat sneintenacht twa rydbewizen ynnommen fan sjauffeurs dy't mei tefolle drank op achter it stjoer sieten. In 50-jierrige ynwenner fan Eelde ried opfallend stadich oer de Alde Kommisjewei yn Burgum. In blaastest makke dúdlik dat de oarsaak drank wie.

Yn Hilaard waard in 22-jierrige man út Tsjom oanhâlden, ek hy hie tefolle dronken. Beide sjauffeurs krigen in prosesferbaal en koene it rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)