Van der Wal wer oan it wurk

© Omrop Fryslân
Wethâlder Willem van der Wal fan Achtkarspelen sil fan 1 jannewaris 2009 ôf wer oan it wurk. Mids 2008 rekke hy troch sûnensproblemen út it wurk, omdat by him in begjinnende burn-out konstatearre waard.
Syn taken binne sa lang waarnommen troch boargemaster Van der Zwan. De boargemaster bliuwt noch wol koördinator fan 'e projekten ferbou gemeentehûs en de yntergemeentlike gearwurking.