Fytser rydt frou oan

© Omrop Fryslân
Op de Pastoaryleane op It Hearrenfean is snein in 69-jierrige frou oanriden troch in 18-jierrige fytser. De fytser fytste rjochting Weinmakker doe't hy belle waard. Hy naam op en wie sa bot ôflaat troch it telefoanpetear dat hy de frou dy't op it fytspaad rûn, oer de kop seach en tsjin har oanbotste.
De frou rekke ferwûne en is mei in stikkene pols en ferwûnings oan 'e heup nei it sikehûs brocht.