Soad fernielings yn Wolvegea

22 des 2008 - 09:48

De plysje hat sneintenacht yn Wolvegea in spoar fan fernielings ûntdutsen. Yn de Lysterstrjitte en oan de Grindwei waarden de spegels fan auto's skopt of slein en op de Omgong waard it stek fan in hûs sloopt en op in auto smiten.

De plysje tinkt dat de fernielings sneintefannacht tusken twa en trije oere oanrjochte binne en freget tsjûgen om de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)