Premjêre 11stêdetocht Tryater

Besikers binne entûsjast oer 11stêdetocht
De reaksjes wiene entûsjast sneon nei de premjêre fan it Tryater spektakel 11stêdetocht. It grutste part fan de dielnimmers oan it tolve oeren duorjende teaterstik wie goed te sprekken oer de foarstelling.
Tryater spilet it stik yn it ramt fan it hûndert-jierrich bestean fan de Feriening Fryske Alvestêden. By de útfiering fan 11stêdetocht ride minsken tolve oeren lang yn in bus by de stêden del. Op 3 jannewaris is de lêste foarstelling.