Hajé Flyers ferlieze wedstriid

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers ha sneontejûn opnij in kompetysjewedstriid ferlern. De Kemphanen út Eindhoven wiene mei 2-1 yn de ekstra tiid te sterk foar de Feansters. Nei de earste perioade wie de stân 1-1 mei in Frysk doelpunt fan Michael Nason.
Dêrnei waard der net mear skoard. Yn de 64e minút skoarde Rozman de winnende goal. Earder fannewike wie Grins te sterk. De Hajé Flyers stean no op it tredde plak efter Tilburch en Den Haach.