Huisman wint maraton Utrecht

21 des 2008 - 13:16
  • Bob de Vries stiet boppe-oan yn it klassemint (foto: Martin de Jong)

Sjoerd Huisman wûn sneontejûn de massasprint en dêrmei de achtste wedstriid om de Essent Cup yn Utrecht. Bob de Vries einige yn de sprint op it fyfde plak en dêrmei bliuwt de Haulster de oanfierder fan it klassemint. By de froulju wûn de Amerikaanske Witty. Maria Sterk waard fyfde en hâldt it gouden liederspak.

Woansdei ride de maratonriders op it parkoers yn Biddinghuizen foar de superprestiizjewedstriid. Takom wike sneon is de folgjende maraton yn Assen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)