Aris wint fan Landstede Zwolle

© Omrop Fryslân
Aris Friesland hat sneontejûn mei 94-86 wûn fan Landstede Zwolle. Yn sporthal Kealledykje wiene Aris-spilers Rein van der Kamp en Matt Bauscher de topskutters mei beide 23 punten.
De tuskenstannen wiene 21-18, 19-23, 26-18 en 28-27. De Ljouwerter basketballers stean no achtste fan de alve teams. Hja ha tolve punten minder as de nûmer ien, EclipseJet MG Amsterdam.