Himpkwekerij oprôle yn Grou

21 des 2008 - 12:30

De plysje hat sneontejûn in himpkwekerij oprôle yn in wenning oan de earste Oosterveldstrjitte yn Grou. Yn in sliepkeamer fûnen plysjes 48 planten yn plestik kupen.

De plysje besocht de wenning nei in tipdat dêr yllegaal fjoerwurk ferkocht wurde soe. Dat is net oantroffen. Offalferwurker Omrin hat yn opdracht fan de plysje de planten opromme en de apparatuer ferneatige. De 27-jierrige bewenner is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)